FNP: gjin nije boarrings mear yn Fryslân

By Moddergat wurdt skean ûnder it Waad gas út de grûn helle © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De FNP wol gjin nije boarrings mear yn Fryslân. Dat seit de partij yn reaksje op it rapport oer de gaswinning yn Grinslân dat dizze wike presinteard waard. Ut dat ûndersyk die bliken dat der risiko's binne foar de feiligens fan de ynwenners fan it wingebiet. Dat is foar de FNP oanlieding om alle nije aktiviteiten yn Fryslân tsjin te hâlden.
Dat dy soargen ek by lokale ôfdielings fan de FNP bestean, docht bliken yn Achtkarspelen. Dêr hat de partij fragen steld oer boaiemdelgong yn de gemeente as gefolch fan ierdgaswinning.