Jongerein oppakt foar ynbraken Frjentsjer
De plysje yn Frjentsjer hat freedtejûn fjouwer jongeren oanhâlden. Se wurde fertocht fan ynbraak yn meardere wenningen yn Frjentsjer en omkriten. De plysje tinkt dat der mear minsken by de ynbraken belutsen binne en slút mear oanhâldings ek net út.