Sûnensprogramma Smellingerlân yn nasjonale kennisbank

20 feb 2015 - 20:19

It Nederlands Instituut voor Sport en Bewegen (NISB) hat de oanpak op it mêd fan beweging en sûn iten fan de gemeente Smellingerlân opnaam yn harren kennisbank. Yn it programma 'Jongeren op Gezond Gewicht' fan Smellingerlân wurket de gemeente mei ferskate partijen gear om in sûne libbensstyl te stimulearjen by de jongerein.

Sa dogge de basisskoallen út De Wiken en De Venen bygelyks mei oan it jierlikse hurdrinevenemint 'De 8 van Drachten'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)