Fryske musea klear foar wichtige foarjiersfakânsje

De Fryske musea meitsje har op foar in wichtige wike. De foarjiersfakânsje stiet wer foar de doar en dat is tradisjoneel in wike wêryn't in protte publyk nei de musea komt. It minne waar, en spesjale tentoanstellingen soargje derfoar dat guon musea hast in kwart fan har totaal oantal besikers yn dizze wiken oer de flier krijt. It Skipfeartmuseum yn Snits hat bygelyks in spesjale wetterprofessor ynflein, om bern mear te learen oer wetter. It modelspoarmuseum hopet mei in spesjale tentoanstelling fan blikken modeltreinen in soad minsken te lûken.