Leansferleging personiel V&D noch net trochfierd

20 feb 2015 - 14:58

Winkelketen V&D hat dizze moanne de oankundige leanmaatregel noch net trochfierd. Moandei docht de rjochter útspraak oer it plan om de salarissen fan wurknimmers mei 5,8% te koartsjen. As de rjochter V&D gelyk jout, dan wurdt it lean mei weromwurkjende krêft ynhâlden.

Fakbûn FNV is poerrazend oer de maatregel en hat de rjochtsaak oanspand. De winkelketen seit fallyt te gean as de salarissen net omleech kinne. Earder waard al in oplossing fûn foar de hier fan de winkelpannen. V&D hat dêrfoar in ekstra kredyt krigen.

It ôfrûne jier draaide V&D 49 miljoen euro ferlies.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)