Skipswerf Talsma fan Osingahuzen ferhuzet nei Frjentsjer

De ferpleatsing fan skipswerf Talsma fan Osingahuzen by Heech nei Frjentsjer ta, kin trochgean. Alteast, de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat lang om let grien ljocht jûn. De partijen, wêrûnder de provinsje, kamen der earder al út mei eigener Jelle Talsma. Dy krijt 1,75 miljoen euro om de ferhuzing mooglik te meitsjen.
Trochdat huzen yn Osingahuzen te ticht op de werf steane, kaam Talsma Scheepsbouw feitlik op slot te stean. Talsma hat al in skipswerf yn Frjentsjer. Dêr komt no in nije skipsreparaasjewerf by. Al it personiel kin mei.