"Pasana moat âldereinfoarsjennings yn Dongeradiel behâlde"

20 feb 2015 - 11:17

De ried fan de gemeente Dongeradiel hat it kolleezje oproppen om by Soarchgroep Pasana oan te trúnjen op it yn stân hâlden fan de âldereinfoarsjennings yn de kearndoarpen en de stêd. Neffens de ried hawwe de lokaasjes fan Pasana in wichtich plak yn de doarpen.

It kolleezje moat dêrneist by minister Kamp oandacht freegje foar de gaswinning yn it gebiet. De risiko's fan dy gaswinning moatte goed yn kaart brocht wurde. It kolleezje sil boppedat ûndersykje oft de boarterstunen yn de gemeente ûnderbrocht wurde kinne yn in stifting as feriening.

Troch de boarterstunen yn in stifting ûnder te bringen, krije de ynwenners mear te sizzen oer de boartersplakken, en kin de gemeente tagelyk besunigje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)