Ferkearshinder nei ûngelok by Stynsgea

It auto-ûngelok by Stynsgea © Gerwin de Vries
By in ûngelok op de Uterwei by Stynsgea is freedtemoarn ien persoan ferwûne rekke. It ûngelok barde by it tankstasjon. Wat de oarsaak fan it ûngelok is, wurdt noch troch de plysje útsocht. Ien fan de belutsen auto's wie in buske fan SC Cambuur.
Ek oare ferkearsdielnimmers hiene lêst fan it ûngelok om't ien rydstrook ôfsletten wie.