Auto fêst by Drachtsterbrêge yn Ljouwert

20 feb 2015 - 08:25
Foto: Anton Kappers

Ferkear dat Ljouwert freedtemoarn útride woe fia de Drachtsterbrêge, moast omride. De bestjoerster fan in auto rekke yn in slip en kaam fêst te sitten op de stoeprâne neist de dyk. In berger hat de auto fuortsleept wernei't de dyk wer iepen koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)