Bedriuw set CO2 yn tsjin mûzepleach

20 feb 2015 - 06:14

It bedriuw Ruvoma út Montfoort komt mei in oplossing yn de striid tsjin de mûzepleach yn Fryslân. Se pompe CO2 yn de grûn om sa de mûzen stikke te litten. Neffens it bedriuw is dit in duorsume oplossing, dy't gjin spoaren efterlit yn de boaiem en de grûn net oantaastet.

Om sjen te litten hoe't dizze metoade yn de praktyk wurket, hâldt Ruvoma freed de hiele dei demonstraasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)