Noch gjin nije boargemaster Flylân

Flylân krijt foarearst noch gjin permaninte nije boargemaster. De fertrouwenskommisje en de Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hawwe dat beslút naam om't der har gjin goede sollisitanten melden hawwe. It eilân krijt foarearst in nije waarnimmend boargemaster.
Yn totaal hawwe 39 minsken sollisitearre op de funksje fan boargemaster fan Flylân. De hjoeddeistige boargemaster Ella Schadd bliuwt oant begjin april waarnimmend boargemaster. Yn in letter stadium sil besjoen wurde wannear en hoe't de fakatuere op 'e nij iepensteld wurdt.