Beammen op rotonde De Jouwer wurde fuorthelle

Knooppunt De Jouwer © Google Street View
It ferkear by De Jouwer moat yn de nacht fan moandei 23 febrewaris en tiisdei 24 febrewaris rekken hâlde mei wurksumheden by de grutte rotonde by it doarp. De gemeente De Fryske Marren, de provinsje Fryslân en Rykswettersteat sille yn dy nacht dwaande mei de tariedings foar it fuortheljen fan de beammen op de rotonde. Letter yn de wike wurde de beammen definityf fuorthelle. De beammen moatte plak meitsje foar de oanlis fan it nije ferkearsplein. Bûten de spits sil it materiaal ôffierd wurde, ek dit kin foar fertraging soargje.