Bekeurings by Kollumer kontrôle

In eardere ferkearskontrôle © Anton Kappers
Fjouwer bestjoerders krigen woansdei in bekeuring by in ferkearskontrôle by Kollum. Oertredings wiene it riden sûnder rydbewiis, it riden mei minne ferljochting en it riden sûnder jildige fersekering. De plysje naam by 338 bestjoerders in blaastêst ôf. Ien persoan hie tefolle dronken. It rydbewiis fan dizze bestjoerder is dêrom ynnaam.