Fryske Sinezen fiere Sineesk nijjier mei harren klanten

In Sineesk restaurant © Omrop Fryslân, Berber Hania
De kommende fiif dagen kinne klanten by Sineeske restaurants mear leare oer de Sineeske nijjierstradysjes en se kinne ek priuwe fan nijjiershapkes en gerjochten. It is tongersdei Sinees nijjier. En dat wurdt ek yn Fryslân by de Sineeske ynwenners fierd.
It is it jier fan it skiep. Dat wie it earder yn 143, 1955, 1967, 1979 en 1991. Minsken út dizze jierren binne echte ferbiners. Dêrom wurdt no ek de ferbining socht mei de Nederlanners.