"Enerzjylabel set minsken oan om hûs suniger te meitsjen"

It enerzjylabel is in goed begjin om minsken der ta oan te setten har hûs enerzjysuniger te meitsjen. Dat seit Freek Wierum fan yngenieursburo W2N engineering út Drachten. Wierum advisearret al jierren bedriuwen, organisaasjes en partikulieren op it mêd fan enerzjybesparring. Hy tinkt dat in leech enerzjylabel minsken der ta oansette kin om maatregels te nimmen om har hûs enerzjysuniger te meitsjen.
De oerheid hat it label mei dêrom ek ynfierd. Alle minsken mei in keaphûs krije in foarlopich enerzjylabel tastjoerd.
As dat net oerienkomt mei de ferbetteringen dy't de húseigener sels al trochfierd hat, moat dy sels oantoane dat er yn oanmerking komt foar in heger label.