Yn Súdwest-Fryslân binne jierliks 170 nije wenningen nedich

19 feb 2015 - 15:29

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne elts jier 170 nije wenningen nedich. It giet dan om keapwenningen en hierwenningen. De measte belangstelling is der foar rychjeswenningen. Dat docht bliken út eigen ûndersyk troch de gemeente. Dy sil de útkomsten de kommende tiid besprekke mei ynwenners, projektûntwikkelers en wenningboukorporaasjes.

Dan komme ek fergrizing, ekonomyske krisis en wetjouwing oan 'e oarder. De gemeente wol sa berikke dat de goeie huzen op it goeie plak komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)