ChristenUnie wol opheldering oer gaswinning yn Fryslân

19 feb 2015 - 14:10

De ChristenUnie yn de Twadde Keamer wol opheldering fan minister Henk Kamp oer de mooglike gaswinning op Skylge en by Toppenhuzen. De fraksje hat de yndruk dat de belangen fan de minsken dy't der wenje net foarop stean by de plannen foar de gaswinning.

Provinsje en gemeenten fiele harren passearre, sa seit de fraksje. Dy fynt it dêrom net ferstannich om de plannen troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)