Friezen belje minder mei Meld Misdaad Anoniem

Meld Misdaad Anoniem wurdt hieltyd faker belle, mar net troch minsken út Fryslân. Dat docht bliken út de jiersifers fan Meld Misdaad Anoniem, dy 't tongersdei presintearre binne.
Yn Fryslân kamen krekt wat minder as 400 meldings binnen en dat betsjut in delgong fan 8%. Op basis fan dy meldings út Fryslân binne yn 2014 mear as santich minsken oanhâlden, binne 37 saken oplost en is 1 misdriuw foarkommen.