Nij lûd op Omrop Fryslân radio fan 2 maart ôf

Omrop Fryslân Radio komt fan 2 maart ôf mei in flink oantal wizigingen yn de radioprogrammearring. Foaral op wurkdagen is dat te fernimmen: tusken 6 oere moarns en 6 oere jûns binne der fjouwer nije programma's te hearren. Allinnich Muzyk yn Bedriuw bliuwt bestean, mar ek yn dat programma is in grut oantal nije ûnderdielen te hearren.
Mei de nije radioprogrammearring wol Omrop Fryslân wer better oanslute op it ritme en it ferlet fan de harkers: de hiele dei troch nijs en ynformaasje, mar ek muzyk en ferdivedaasje.
06.00 - 09.00: Jacob Stelwagen presintearret it nijs, it waar en de sport yn it nije moarnsmagazine 'Fryslân fan 'e moarn'. Bekende en nije kolumnisten jouwe alle dagen har fisy op it nijs of fertelle oer wat sy sels belibbe ha yn De toan fan fanmoarn. Fierder soargje De Meunsternimmers der foar dat der net allinnich omtinken is foar it nijs dat je oeral al hearre, sjogge as lêze, mar dat ek lytse persoanlike saken har gerak krije. Nij is ek de deistige nijskwis Ut 'e tiis.
09.00 - 12.00: De suksesfolle formule wêrby't de platen oanfrege wurde troch bedriuwen en ynstellingen bliuwt de kearn fan 'Muzyk yn bedriuw' mei Arjen Overmaat. Wol binne der ek hjir tal fan nije ûnderdielen te hearren. Arjen siket bygelyks alle dagen út wêr't oer praten wurdt by de kofje-automaat, set de meast tawijde wurkers fan Fryslân yn it sintsje yn de Tiisdeitoppers en makket de muzyklist ynteraktyf by Draai 'em der foar. Fierder is der in nije kwis: Dûbeldop, wêrby't de winner ek middeis wer stride mei.
12.00 - 13.00: 'No yn Fryslân' is it nije nijs- en achtergrûnprogramma fan Omrop Fryslân Radio, mei Tiete Sijens. Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Pyt Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy't Fryslân reitsje yn De hite hei.
13.00 - 16.00: Fjouwer dagen yn de wike is de middei by Omrop Fryslân foar 'Geert yn de middei', mei Geert van Tuinen. Hy presintearret fan moandei o/m tongersdei in nije radiosjo, mei folop muzyk, mar ek nijsgjirrige oare saken. Ien fan dy nije ûnderdielen is Omrop Help. Geert besiket antwurd te krijen op fragen fan harkers oer in breed skala oan ûnderwerpen. As je noch in doaze mei âlde kompjûterdiskettes stean hawwe bygelyks: kin je dêr dan noch wat mei? As de auto moarns earst wol starte wol, mar in kertier letter net mear, wêr leit dat dan oan? Fierder yn Geert yn de middei ek de ferfolchronde fan de kwis Dûbeldop, petearen mei Friezen om utens yn Geert oer de grins en op woansdei: Flean der út. Ferslachjouwer Femke de Walle kriget in opdracht en moat dy ta in goed ein bringe yn in doarp of stêd earne yn Fryslân.
Op freed in oar programma tusken 13 en 16 oere: Dan presintearret Willem de Vries - krekt as no, mar wol in oere langer - Noardewyn Live; it muzikale doarpsplein fan Fryslân.
16.00 - 18.00: As Fryslân wer nei hûs ta giet, út skoalle of fan it wurk, is der 'Weistra op wei', mei Harm Weistra. Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige petearen oer aktuele saken en Pyt Paulusma mei it waar. Yn It Slotstik is der alle dagen in bysûndere plaat, passend by de dei, dy't mei help fan de harkers en folgers op ynternet bepaald wurdt.
Regionaal nijs
Op 2 maart feroaret ek it fêste plak fan de regionale nijsbulletins. De lêste berjochten út Fryslân binne tenei op de heale oeren te hearren en meitsje sa tenei in yntegraal ûnderdiel út fan alle programma's. Allinnich op snein bliuwt it Fryske nijs wol fuort nei it NOS-sjoernaal te hearren.
It wykein
De programmearring fan de radio yn it wykein bliuwt foar in grut part sa't dy wie. Wol is de titel fan it nijsprogramma 'No yn Fryslân' hjir ek werom te finen: sneons fan achten oant njoggenen en tolven oant ienen, op sneintemoarns in koarte edysje om 9 oere. Op sneontemiddei is tenei Diana de Groot te hearren. Sy nimt de presintaasje fan 'Sneon yn Fryslân' oer fan Geert fan Tuinen en nimt tagelyk in hânfol nije programma-ûnderdielen mei.
Populêr
Omrop Fryslân Radio wit yn Fryslân alle dagen sa'n 100.000 minsken te berikken en heart dêrmei by de meast populêre radiostasjons fan de Friezen. Mei de nije radioprogrammearring besiket Omrop Fryslân dizze sterke posysje fêst te hâlden en te fersterkjen.