Ferkearsâlden meitsje skoallen feiliger

19 feb 2015 - 08:24

Alden kinne tenei helpe om gefaarlike ferkearssituaasjes op te lossen troch ferkearsâlder te wurden. Tongersdei gie der by iepenbiere basisskoalle De Mienskip yn Bûtenpost in nije kampanje fan start fan Veilig Verkeer Nederland en it ROF, it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân. Hjirmei wurdt besocht it tal ferkearsslachtoffers ûnder bern werom te bringen.

Ferkearsâlden tinke yn wurkgroepen mei om gefaarlike situaasjes by de skoalle op te lossen en skoallen krije aksjepakketten om mei de bern te oefenjen.

Ut sifers fan Veilig Verkeer Nederland docht bliken dat ferline jier yn Nederlân hast 600 bern ûnder de alve jier ferwûne rekke binne yn it ferkear; alve bern binne ferstoarn. Yn Fryslân wiene der ferline jier njoggen jonge ferkearsslachtoffers, ien bern is om it libben kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)