Brêge Lytse Pyp yn Dokkum fjouwer wike ticht

Dokkum © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De brêge Lytse Pyp tusken de Eastersingel en de Aalsumerpoarte yn de binnestêd fan Dokkum is fan moandei ôf fjouwer wike ticht foar alle ferkear. Kabels en liedings yn de Lytse Pyp wurde dan ferlingd as tarieding op de wursumheden oan de brêge letter dit jier. It wurk oan de dyk begjint in wike letter as foarôf pland wie. Ferkear wurdt omlaat fia ferskate rûtes.