Littenseradiel docht wer mei oan Wenoffinsyf

© ANP
De gemeente Littenseradiel docht dit jier op 'e nij mei oan it Wenoffinsyf. It Wenoffinsyf dat yn april plakfynt, moat in ympuls jaan oan de Fryske wenningmerk. It offinsyf waard ferline jier foar it earst holden en hie in posityf resultaat.
Littenseradiel is op dit stuit drok dwaande mei de tariedings foar in gemeentlike wenmerk, dy't op 11 april holden wurde sil. Hjir litte bedriuwen út de gemeente sjen hoe't wennings enerzjysunich makke wurde kinne. Ek binne der kreamkes foar hûs- en túnynrjochting.