Wetterkampus kriget biogas fan Wetterskip Fryslân

It nije gebou fan Wetsus
Wetterskip Fryslân sil biogas leverje oan de nije Wetterkampus. Dêrfoar ûndertekenen boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en Wietze de Haan fan Wetterskip Fryslân woansdei in oerienkomst. De nije Wetterkampus yn Ljouwert sil foar in perioade fan 15 jier foarsjoen wurde fan biogas.
Dit gas wurdt produsearre út it slip fan de rioelwettersuveringsynstallaasje fan Wetterskip Fryslân. Ek it gebou fan Fier Fryslân docht mei oan dit projekt. Jierliks levert it wetterskip 90-tûzen kuub biogas oan de Wetterkampus en Fier Fryslân.