Westra kiest foar Italiaanske rittekoers Tirreno Adriatico

18 feb 2015 - 18:36

Hurdfytser Lieuwe Westra sil dit jier net oan de start stean by de Frânske rittekoers Parys-Nice. Westra is troch syn ploech Astana opnaam yn de seleksje foar de Italiaanske rittekoers Tirreno Adriatico. Dêr sil er ynset wurde om syn ploechmaat Vincenzo Nibali nei de winst te riden.

De Italiaanske koers begjint mei in ploegetiidrit oer 22,7 kilometer, dêr't Westra spesjalist yn is. It is foar it earst sûnt fiif jier dat Westra net fan start gean sil yn de Frânske ronde, dêr't er yn 2012 twadde waard.

De Tirreno Adriatico wurdt riden fan 11 oant en mei 17 maart. Parys-Nice stiet op de aginda fan 8 oant en mei 15 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)