Boargemaster Sluiter fan Harns wol drugspân slute

18 feb 2015 - 17:16

Boargemaster Sluiter fan Harns wol in drugspân slúte. Yn in wenning oan de Prinses Margrietstrjitte wurde neffens de gemeente drugs ferhannele. Dat smyt in soad oanrinen oerlêst op. Om hjir in ein oan te meitsjen is yn oerlis mei de plysje en de bouferiening besluten om de wenning op 27 febrewaris foar in perioade fan seis moanne sluten. Der kin noch beswier tsjin de sluting oantekene wurde.

Trefwurden: 
Harns drugspân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)