Stoflik omskot fan Gert-Jan Luimstra fûn yn Snits

De plysje meldt dat it stoflik omskot dat woansdei fûn waard yn it wetter by de Houkepoarte yn Snits fan Gert-Jan Luimstra is. Woansdeitemoarn waard in grutte syktocht opsetten mei dûkers en in helikopter, neidat in kuierder it stoflik omskot sjoen hie. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it om Luimstra giet. Ek wurdt der ûndersyk dien nei de deadsoarsaak. De plysje hat gjin oanwizings foar in misdriuw.
De ôfrûne wiken is der folop socht nei Luimstra. Yn it wetter dêr't it omskot no fûn is, hat de plysje ek al earder socht, mar fûn doe neat.
Gert-Jan Luimstra waard sûnt 6 jannewaris fermist. Earder wiene der meldings út Surhústerfean dat er yn dit doarp sjoen wie, mar dêr is hy doe net oantroffen. De plysje giet der no fan út dat Luimstra dêr ek nea west hat.