A7 tusken De Jouwer en It Fean ticht troch autobrân

In brânende auto soarge foar files op de A7 © Twitter, Brânwacht De Jouwer
Op de A7 is woansdeitemoarn in auto yn de brân rekke. Dêrtroch ûntstie in file tusken it knooppunt De Jouwer en It Hearrenfean. De auto stiet op de flechtstrook, mar de dyk is wol stremd. It ferkear wurdt advisearre om fia de A6 of De Jouwer rjochting Aldehaske fia oprit 25 te riden.