Provinsje sprekt him wer út tsjin nije gaswinning

18 feb 2015 - 12:36

De provinsje bliuwt tsjin nije gaswinning yn Fryslân. Dat sei deputearre Poepjes woansdei yn de gearkomste fan provinsjale steaten. Freed hat se opnij in petear mei Vermilion om oan te jaan dat de gaswinning yn Fryslân ophâlde moat. De deputearre is ek noch yn petear mei de NAM en Tulip Oil, dy't bygelyks yn Toppenhuzen en op Skylge gas winne wolle.

De provinsje is lykwols gjin partij as in gasbedriuw in omjouwingsfergunning oanfreget, mar de grins fan de gaswinning is neffens de deputearre berikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)