Anja Haga is bêste steatelid fan ôfrûne 4 jier

18 feb 2015 - 10:44

Anja Haga is troch har kollega's útroppen ta bêste steatelid fan de ôfrûne fjouwer jier. De fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie bleau Hetty Janssen fan de PvdA krekt foar. Haga waard ek keazen as steatelid dat de measte kennis fan saken hat.

As bêste debater waard fraksjefoarsitter Retze van der Honing fan GrienLinks keazen. It wie al foar de twadde kear dat Van der Honing dizze titel wint. Klaas Hettinga fan D66 krige de oanmoedigingspriis. Hy mei wolris wat koarter fan stof wêze, sa sizze de oare steateleden.

De ferkiezing ûnder steateleden waard organisearre troch it Friesch Dagblad. It winnende steatelid Haga is der nei eigen sizzen "stil fan".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)