N31 by Goutum oant 19.00 oere ôfsletten troch klapbân

18 feb 2015 - 10:23

De Heak om Ljouwert by Goutum yn de rjochting fan Drachten is hjoed de hiele dei ôfsletten fanwege in ûngelok. In betonmikswein hat op de N31 in klapbân krigen en is op de fangrail botst. De frachtwein stiet troch it ûngelok dwers op de dyk, de oanhinger leit op de sydkant. Ek leit der beton en oalje op de dyk. De sjauffeur is by it ûngelok net ferwûne rekke.

Rykswettersteat hat in omlieding ynsteld oer de Hendrik Algrawei foar it ferkear rjochting Drachten. De ôfsluting sil neffens de plysje oant jûn 19.00 oere duorje.

Rykswettersteat liet al it ferkear dat fêst stiet achter de frachtwein omkeare en werom ride. De fangrail is ferfongen. In part fan de disel kaam yn it ôfwetteringssysteem, dat leechpompt wurde moast.

Trefwurden: 
ûngelok frachtwein Goutum N31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)