Skrik yn Toppenhuzen om gaswinplannen Vermilion

18 feb 2015 - 07:15

Doarpsbelang Top en Twel is skrokken fan de plannen fan Vermilion om fan ein takom jier ôf gas te winnen by Toppenhuzen. It Kanadeeske bedriuw wol der sa'n 500 miljoen kúb út de grûn helje en tinkt dêr sa'n 10 oant 20 jier mei dwaande te wêzen.

Doarpsbelang is lykwols benaud dat de grûn by de doarpen troch de winning mear sakje sil as de twa sintimeter dêr't Vermilion rekken mei hâldt. Ek binne se bang foar lûdsoerlêst as der ek gas ôffakkele wurde moat. Doarpsbelang wol dan sa gau as mooglik bypraat wurde oer de status fan de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)