Massaal 'nee' tsjin gaswinning op ynformaasjejûn Skylge

17 feb 2015 - 23:56

De ynformaasjejûn fan de gemeente Skylge oer de plannen foar gaswinning op en by it eilân hat tiisdei mear minsken lutsen as dêr't plak foar wie. Ungefear 120 minsken koene de seal by Midslân net yn, omdat dêr al 300 belangstellenden sieten. Dêrom wurdt der woansdeitejûn in ekstra gearkomste organisearre.

Fertsjintwurdiger Joost den Dulk fan Tulip Oil waard by de byienkomst massaal dúdlik makke dat de eilanners gjin gaswinning wolle. It bedriuw leit him dêr net by del en giet troch mei it organisearjen fan byienkomsten foar de bewenners.

Wol moatte der noch In hiel soad saken ûndersocht wurde. Wat wol dúdlik is, is dat it swiere materiaal dat nedich is om op lân te boarjen allinnich oer de Noardsee oan te fieren is.

De gemeenteried fan Skylge komt noch dizze moanne byelkoar om te bepalen wat it fan de gasboarring fynt. De polityk sil him dêrby nei ferwachting tsjin de plannen útsprekke. Oft dat ek fan ynfloed wêze sil op it úteinlike beslút is noch mar de fraach, net de Skylger polityk mar it Ryk nimt in definityf beslút oer it boarjen nei gas op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)