FNP wol karakteristike beammen stasjonsgebiet Ljouwert hâlde

It stasjonsplein yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De FNP wol dat de karakteristike beammen by it sintraal stasjon fan Ljouwert behâlden bliuwe. It gebiet wurdt opnij ynrjochte en dat mei neffens de FNP net fan gefolgen hawwe dat de beammen ferdwine. It giet ûnder oare om in monumintale plataan en ek om in rige linebeammen.
De partij fynt dat it plan foar de werynrjochting oanpast wurde moat sadat de beammen behâlden bliuwe, of dat de beammen ferplante wurde moatte. De FNP sil sawol woansdei yn de steaten as letter yn de gemeenteried fan Ljouwert omtinken freegje foar de beammen.