Ferkearshinder op A6 by De Lemmer troch lekkende frachtwein

17 feb 2015 - 15:30

Op de A6 by De Lemmer moat it ferkear rekken hâlde mei opûnthâld troch in frachtwein dy't disel lekte. De frachtwein bedarre earder op de middei yn de berm nei in botsing mei in auto. Troch de klap lekte de frachtwein disel. Yntusken is de frachtwein fuortsleept. Ien rydstrook is beskikber foar ferkear dat der del komt. De rest fan de dyk is ticht, sadat de berm ôfgroeven wurde kin. Dat duorret noch oant healwei achten.

De bestjoerder fan de auto is ûndersocht troch ambulânsepersoniel. It is net dúdlik oft dizze persoan ferwûne is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)