Learlingen Piter Jelles eksposearje keunst yn Tresoar

Trije wiken lang kinne besikers fan Tresoar genietsje fan de keunstwurken fan learlingen fan skoalmienskip Piter Jelles. Tema fan de tentoanstelling is de evolúsje. De eksposysje makket diel út fan Piter Jelles Arts eXpression, in jierliks evenemint wêrby't learlingen fan alle alve skoallen fan de skoalmienskip stride om de Piter Jelles Kultuerpriis. In sjuery kiest út de stikken de seis bêste keunstwurken, dy't fan 13 maart ôf tentoansteld wurde sille yn skouboarch De Harmonie.
De wurken binne noch oant en mei 10 maart te sjen yn Tresoar.