Plysje hellet foar 7000 euro oan efterstallige boetes binnen

© ANP
De plysje hat de ôfrûne twa wiken by 17 minsken yn Ljouwert en omkriten hast sântûzen euro oan boetejild ophelle. Al dizze minsken hienen in betellingsefterstân. Ek binne der 27 minsken oppakt om't se de bekeurings net betelje koenen. Sy moatte meiïnoar noch 680 dagen de sel yn.
Yn totaal hat de plysje goed twahûndert húshâldings besocht om jild fan efterstallige boetes op te heljen.