Ljouwerter oppakt mei swurd en ynbrekkersark

17 feb 2015 - 14:25

In 48-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn oppakt om't er mei in swurd op De Burd rûn. Ek hie er ynbrekkersark by him. De plysje seach de man mei it wapen rinnen en sette de efterfolging yn. Doe't de Ljouwerter de plysjeminsken seach, smiet er it swurd yn de boskjes. It wapen en it ynbrekkersark binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)