Hearrenfean kontraktearret jeugdtalint Michel Vlap (17)

17 feb 2015 - 14:18

SC Hearrenfean hat de 17-jierrige middenfjilder Michel Vlap kontraktearre. Vlap komt út Snits en spile oant no ta by de junioaren yn de A1 fan Hearrenfean. Hy hat de hiele jeugdoplieding fan SC Hearrenfean folge en is ek spiler by Oranje ûnder de 18 jier.

Vlap krijt no in kontrakt fan trije jier. It kontrakt giet fan 't simmer yn. Michel Vlap is de soan fan Jan Vlap, trainer by Harkemase Boys. Jan Vlap spile sels fan 1988 oant 1990 as ferdigener by de earste seleksje fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)