Taksateurs gean freed it lân yn foar mûzeskea

17 feb 2015 - 12:45

Taksateurs sille freed útein sette mei de taksaasje fan de mûzeskea by Fryske boeren. It wie de bedoeling dat de taksateurs tongersdei al it lân yn soenen. Mar troch in probleem mei de ferwurking fan de 900 oanfragen dy't by lânbouorganisaasje LTO binnenkamen, duorret de ferwurking langer as tocht.

It Faunafûns besiket deselfde taksateurs by de boeren lâns te stjoeren, dy't gewoanwei ek de guozzeskea ôfhannelje. De automatisearing moat dêrom relaasjenûmers keppelje oan de taksateurs en dat soarget foar fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)