Sikehûspersoniel MCL fiert aksje foar nije CAO

Sikehûspersoniel fiert tiisdeitemiddei aksje yn sikehûs MCL yn Ljouwert. De meiwurkers hawwe al hast in jier lang gjin CAO en dat kin sa net langer fine se. By de aksje sille flyers útdield wurde oan alle meiwurkers.
Fakbûn FNV stipet de flyeraksje fan it personiel en is ek oanwêzich. Tongersdeitemiddei wurdt der op 'e nij aksjefierd, dan yn it Antonius Sikehûs yn Snits. Mochten dizze publyksfreonlike aksjes net helpe, dan komme der neffens it fakbûn oare aksjes.