Spoar fan bledsjes liedt plysje nei himpkwekerij yn Snits

17 feb 2015 - 11:51

In iepen doar en in spoar fan bledsjes op 'e stoepe hawwe de plysje moandeitejûn nei in himpkwekerij yn Snits laat. Buertbewenners fan it hûs oan de Lange Veemarktstrjitte yn Snits hienen de plysje belle om't se fûnen dat de bledsjes wol fertocht folle op himp liken.

De plysje trof yn it hûs yndie in himpkwekerij oan. Goed 400 planten wienen krekt knipt. Der stienen ek noch 350 oare planten. De kwekerij is opromme. Der binne noch gjin fertochten oanholden.

Trefwurden: 
Snits himpkwekerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)