Geert Mak wint Comeniuspriis 2015

Skriuwer Geert Mak © ANP
Skriuwer Geert Mak is winner wurden fan de Comeniuspriis 2015. Mak krijt de priis om't er neffens de sjuery in grutte bydrage levere hat oan de skiedniskennis by in breed publyk. Dêrby wurde benammen de ferhalen fan Mak oer Europa en Amearika neamd.
Op 21 maart wurdt de ûnderskieding útrikt yn de tsjerke fan Naarden. Eardere winners fan de Comeniuspriis binne ûnder oare Robbert Dijkgraaf, Paul Schnabel en Louise Fresco.