Frysk ûndernimmersfertrouwen leger as yn de rest fan it lân

17 feb 2015 - 10:07

It ûndernimmersfertrouwen yn Noard-Nederlân is leger as yn de rêst fan it lân. Dat docht bliken út de Konjunktuerenkête Nederland (COEN) oer it earste part fan dit jier. Benammen op it mêd fan de personielsomfang by bedriuwen binne de noardlike ûndernimmers pessimistysk.

Kwa omset ferwachtsje Fryske ûndernimmers wol in posityf effekt, yn tsjinstelling ta de kollega's yn Grinslân en Drinte. Ek is it omslachpunt foar winst yn Fryslân yn sicht. Us provinsje stiet op -1 prosint, mar der sit in opgeande line yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)