Stedsgrêften fan Dokkum útbaggere

17 feb 2015 - 10:02

De stedsgrêften fan Dokkum wurde dizze maitiid útbaggere en sanearre. De provinsje, Wetterskip Fryslân en de gemeente Dongeradiel binne ferantwurdlik foar it wurk. De boaiem yn de grêften is fersmoarge. Sa'n 17.000 kubike meter slib moat opromme wurde.

Ek wurdt yn de Trije Pypstergrêft en it Grut- en Lytsdjip de djipte nei 1,50 meter brocht. Dat betsjut aanst dat boaten mei in fardjipte fan 1,30 meter dêr farre kinne. Ein maaie moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)