Studinten meitsje game foar 'Pleats fan 'e takomst'

It projekt 'Pleats fan 'e takomst' set tiisdei offisjeel útein yn Blessum. Goed 40 studinten fan Van Hall Larenstein en it Nordwin College sille ûndersykje hoe't pleatsen de kommende jierren op in duorsume wize rendabel wêze kinne. Under oaren de opheffing fan it molkkwotum, de skaalfergrutting mar ek de biodiversiteit fan it lânskip binne ûnderwerpen dy't meinaam wurde yn it ûndersyk.
De resultaten wurde omsetten yn in kompjûterspul. Dat sil brûkt wurde yn it ûnderwiis by Van Hall Larenstein en it Nordwin College.