Ljouwerter winkels meie alle sneinen iepen

17 feb 2015 - 06:57

De winkels yn Ljouwert meie tenei alle sneinen iepen. In krappe mearderheid fan de gemeenteried stimde yn mei it útstel fan de VVD en D'66. De ûndernimmers út de binnenstêd hâlde mingde gefoelens oer oan it beslút. Se binne benaud dat net alle winkels alle sneinen iepengean kinne.

Neffens wethâlder Henk Deinum foarkomme je mei de sneinsiepenstelling in flecht nei Grins of Easterwâlde. Dêr meie de winkels al wol sân dagen yn de wike iepen. Deinum tinkt dat de nije regeling ein febrewaris yngean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)