Man bedriget útbater restaurant Ljouwert mei koefoet

De koevoet en it mes © Twitter plysje Ljouwert
De plysje fan Ljouwert hat tiisdeitemoarn betiid in 36-jierrige man sûnder fêst wenplak oppakt om't er in útbater (44) fan in restaurant yn it sintrum fan de stêd mei in koefoet bedrige hat. Doe't de plysje him dêrfoar arrestearde die boppedat bliken dat de fertochte ek noch in bôlemes by him hie. Beide wapens binne yn beslach naam.