Selfiestick-ferbod yn Princessehof Ljouwert

Selfiestick © ANP
Minsken mei in selfiestick binne net mear wolkom yn keramykmuseum it Princessehof yn Ljouwert. In selfiestick is in stok dêr't de mobile telefoan op past, sadat minsken harsels mei keunstwurken op de foto sette kin. Reden foar it ferbod is dat de museumdireksje benaud is dat de keunstwurken skansearre reitsje troch de lange stok.
It Princessehof hat in hiele brekbere kolleksje en is benaud dat minsken mear nei de kamera sjogge as nei de keunst en dêrtroch brokken meitsje. Net alle musea hawwe in selfiestick-ferbod ynsteld.