Jong Hearrenfean ûnderút tsjin Jong Vitesse

16 feb 2015 - 21:44

Jong Hearrenfean hat moandei de ynhelwedstriid by koprinner Jong Vitesse mei 3-2 ferlern. Al betiid kamen de Feansters troch in strafskop fan Uros Djurdjevic op in 1-0 efterstân, en noch foar de rêst waard it 2-0 troch in goal fan Tim Linthorst. Nei it skoft gong it in stik better. Tarik Kada kaam yn it fjild en dat wie in gouden wiksel. Hy makke de 2-1 en joech de assist op Pelle van Amersfoort foar de 2-2. Hearrenfean leaude der wer yn, mar yn de lêste minút krige Vitesse in frije traap, en waard it troch Djurdjevic dochs noch 3-2.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)