Steatssekretaris Klijnsma nei basisskoallen yn Ljouwert

16 feb 2015 - 19:38

Twa basisskoallen yn Ljouwert krije tiisdei steatssekretaris Jetta Klijnsma op besite. Sy komt om te sjen hoe't it giet mei de saneamde Klijnsmajilden. Gemeenten hawwe yn 2013 dat ekstra jild krigen foar skuldhelpferliening en it bestriden fan earmoed. Doe is ek begongen mei it saneamde Bernepakket en dat hat de gemeente Ljouwert ek tapast. Dat pakket hâldt ûnder oare yn dat bern út earme gesinnen meidwaan kinne oan sport en kultuer en dat der jild is foar bygelyks in kompjûter thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)